Moandei 11 april 2011 om 20.00 oere
yn
BOB buert- en klubhûs, Wynserdyk 3, 9062 GP Oentsjerk
Oanwêzich:Lammert de Vries, Esther Veenstra, Wybe Henk de Vries, Corien van der Linden, Karel van der Linden, Brigitta Meinema, Roeland Sprey, Irona Groeneveld (fs), pyt jon sikkema (skr), Eliza Janse; gastfroulju punt 10: Ank Schepp, Alie Klompmaker.
Ofmeldings fan: Louis Bakker, Dirk van der Wal.
Wurklist
1. Iepenjen
Irona memorearret Kees Ridder en syn betsjutting foar de ôfdieling; efkes stilte.
2. ferslach ALG 16 novimber 2010 (nov. 2010, dus…) goedkard
3. jierferslach skriuwer Jaap Wagenaar wie de sjonger yn Burgum
4. jierrekken wurdt omparte
It saldo is omleechgien yn 2010 (€2000>€1500, sis mar): dat komt troch alle (ferkiezings-)aktiviteiten. Foar de folgjende riedsferkiezings is no al in foarsjenning dúdlik sichtber makke. De kaskommisje hat ek oare goede suggestjes jûn om it sa dúdlik mooglik nei foaren te bringen. De kaskommisje (Karel en ynfaller Wybe Henk) stelt ut om de ponghâlder desjarzje te jaan; dêrta wurdt besletten. De nije kaskommisje sil bestean út Karel en Lammert.
Foar de folgjende riedsferkiezings kin der miskien in oprop dien wurde oan leden en belangstellenden om rjochtstreeks wat yn de kas fan de ôfdieling te stoarten.
5. begrutting
is sichtber op de ôfrekkenspapierren; is oannommen op 16 novimber 2010.
6. wurkplan bestjoer
Dat is net by de stikken foege, fij! De skriuwer leit út, dat de nije eleminten binne: betrutsenens befoarderje, by driuwende kwestjes wer in diskusjegearkomste hâlde, GL-Achtkarspelen aktivearje (foar de ferkiezings fan 2010 is besocht om in kearn te foarmjen; dêr moat no earder mei úteinset wurde).
7. meidielings riedsfraksje; û.o. “sintrale as” en besunigings
Karel en Brigitta bringe ferslach ut:
Besunigings: foar GL is wichtich, dat it tal gemeenteriedsleden lytser wurde sil; de kiesdieler giet omheech.
De proseduere foar de besunigings is reedlik korrekt, mar oer it generaal stiet GL yn T-diel allinnich yn de rie, wat besunigings oangiet. Foar GL wichtige punten dy’t ek by oare partijen yn it program steane (duorsumens en ûnwikkelingshelp, bygelyks), litte dy oare partijen maklik falle. Der is gjin oare fyzje te fernimmen as “der moat besunige wurde“. Prinsipes ferdwine, yn de regel is it: wol yn it program, net yn de praktyk.
Weryndieling: T-diel en Achtkarspelen bliuwe ynearsten apart, mar skowe bepaalde tsjinsten yninoar. Is de stedsregio Ljouwert net wichtiger foar T-diel as it konvenant Noard-East-Fryslân? De wittenskiplike ekonomyske basis foar dat konvenant is flut.
“Sintrale as”: pas in beslút yn oktober? Mar wol yntusken “onomkeerbare” handelingen!
Caparis-problemen: dy hie men oankommen sjen moatten. Goed sjen by ferlykbere organisaasjes hoe’t dy it oanpakke.
Algemien: better besykje om net efter de gemeentlike aginda oan te rinnen, mar sels mei ynysjatyf te kommen: bygelyks oer mega-bûthuzen; breinstoarmje oer oare ûnderwerpen.
8. steatefraksje: weromsjen op ferkiezings en ferfolch
Irona bringt ferslach ut fan de kolleezjeûnderhannelings.
GL hat fuort nei de ferkiezings de SP en D66 oproppen ta in loftse of foarút-stribjende ynbring. Dat binne 13 punten ”Friese lente” wurden. GL keas foar in kolleezje sûnder CDA.
Op fersyk fan de PfdA docht GL mei oan ûnderhannelings tusken PfdA, CDA, FNP en GL; dy binne net iepenbier. Irona hie it leafst yn it iepenbier mei elkenien ûnderhannele: dat is demokratysker as besletten mei in lyts groepke.
Mar GL wol wol meitinke; der wurdt in klankboerdgroep foarme fan Louis Bakker, Willem Verf en Jochem Knol (bestjoerslid). Dan folget der in diskusjegearkomste, mar dy giet net oer de ynhâld, dêr kiest de PfdA foar bepaalde partijen. GL jout oan, dat it wol bestjoersferantwurdlikheid drage wol, as der in akseptabel kolleezjeprogram is. Mar GL kriget it gefoel, dat de PfdA it oan GL oerlit om foar de loftse en griene dingen te fjochtsjen.
Earst hat GL oanjûn dat it fan miening is, dat it CDA mar ien deputearre ha moat, om in better lykwicht yn it kolleezje te krijen. Dêryn stipet de PfdA ús net. Dan seit GL: eventueel it CDA oardeheal deputearre en GL in healen, wy wolle ek ferantwurdlikens. (It CDA wol perfoarst witte wa’t de kandidaat-GL-deputearre is.) Foar dizze ideeën kriget GL gjin stipe fan PfdA en FNP, mar “jim moatte der al by bliuwe hear!” GL skriuwt in brief: dit kolleezje-akkoard wurdt net ûnderskreaun; der is noch te praten oer in tal griene en loftse punten dêr’t de oare partijen dan GL op yn ‘e mjitte komme en dy’t GL dan yn alle gefallen stipet. Ek dêrfoar komt yn de ûnderhannelings gjin stipe fan PfdA en FNP.
It fielt tige goed, dat wy as GL de knoop trochhakke hawwe: it soe fjouwer jier gemodder west hawwe.
Waarom toch die angst? En waarom ze ’t CDA zoveel macht geven?
De PfdA praat te faak oer earst de PfdA-popkes en dan de ynhâld: een heel bange vorm van politiek (tige werkenber, fine de oanwêzige riedsleden)
De FNP akseptearret alles om yn it kolleezje te kommen (t.w., f.d.o.r.).
De “Friese lente” sil inoar wer opsykje en mei ynysjatyf-útstellen komme.
9. skoft
10. Stifting BOB presentearret him (21.00 mei diskusje tuskentroch)
Ank Schepp, foarsitter bestjoer, en Alie Klompmaker (jongerein-wurker) litte sjen hoe’t de Stifting wurket en op hokker mêden.
De gemeente ûnderhâldt it gebou en subsidiearret fjouwer fan de tsien wurkgroepen:de berne-, tiner-, famme- en jongereinwurkgroep. De organisaasje KEaRN hat de twa agogen yn tsjinst; dy konstruksje funksjonearret no goed. BOB hat mear as 80 frijwilligers en yn trochsneed sa’n 10.000 besikers yn it jier.
Der is oparbeidzjen mei skoallen, ferienings, tsjerke ensafh.; in leuk aspekt is, dat guon aktiviteiten “yntergeneraasjoneel” binne.
Bernewurk wol tichte by de bern/minsken sels bliuwe, it is “laagdrempelig” en men hat maklik kontakt. Der wurdt meidien oan (û.o. gemeentlike) previntive aktiviteiten yn ferbân mei alkohol en drugs.
Fammewurk foar benammen 10-13-jierrigen: kreatyf, mar ek wol oer sosjale feardigens, bg. oer it probleem loverboys.
Tinerwurk: wat goed wurket, is dingen dwaan litte yn ferbân mei maatskiplike staazje foar skoallen.
Jongereinwurk foar 15 jier en âlder. It is wol in probleem om se te “pakken”. No’t de disko fan Pro Rege ophâlden is, swevet dy groep wat om. Der wurdt foar 12-15-jierrigen wat alkoholfrijs opset en der is soas op freedtemiddei.
Projekt Niets te doen in de Trynwâlden is in ûnderdiel hjirfan: besykje yn te spyljen op wat de hinggroepjongerein wol, û.o. fia in “doarpe-ronde”. Suggestje út de gearkomste: de âlden oansprekke by de supermerk? Elkenien hat der in drege put oan om hinggroepjongerein te motivearjen.
(dit binne fansels mar in pear aspekten fan de presintaasje/diskusje, skr.).
11. ynlieding Eliza Janse oer “permakultuer”mei diskusje giet net troch
Om’t it al oer tsienen is, wol Eliza de ynlieding graach in oare kear hâlde. Eventueel ynbreder ferbân as allinne GL? Site-presintaasje permakultuer? Yntroduksje-aktiviteit yn Achtkarspelen? Op it Van Hall?
(hjir noch in nuttige link: ) ELIZA?
11 a. omfreegjen
- Nei oanlieding fan de fraach: hoe pakke wy dat konkreet oan yn Achtkarspelen? fynt der in breinstoarm plak. Eveneminten om GL te manifestearjen: iepening gemeentehûs, iepening Dalstrahiem en Toerplein Surhústerfean, Piter Weening-classic. Earst polityk of earst “famylje”-foarming?
- By de Jumbo en de Poiesz komme hyltyd mear biologyske produkten: yn ’e rekken hâlde foar eventuele Griene Tuten.
- pyt jon is oan 22 maaie ta fuort op de fyts; yn foarkommende gefallen s.v.p. kontakt mei Corien opnimme.
12. sluten fan de gearkomste om 22.30 oere hinne
Skriuwer GrienLinks Tytsjerksteradiel/Achtkarspelen,
pyt jon sikkema.