Gemeenteriedsferkiezings algemien Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen

 

Algemiene opmerking: der is net dúdlikernôch ferskil makke yn de fraachstelling tusken Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen!

Sa’n 50% hat antwurde.

Goed fjirtich persint fan de leden (sa’n 80% fan de respons) wol selsstannich de gemeenteriedsferkiezing yn, foar  in Lofts T-diel is minder as 10% fan de leden.

As ús natuerlike partners wurde sjoen PvdA, D66, PvdD  en SP. Yn dy folchoarder, mar de oantallen ûntrinne inoar net folle.

De ledegearkomste fynt: it “JA” is hoopjaand, mar dan moat men jin wol goed profilearje. Goed yn ‘e rekken hâlde: dit is mar in momintopname novimber 2012!

Konklúzje foar dit momint: yn Achtkarspelen besykje, yn Tytsjerksteradiel selsstannich en ynearsten gjin SAM-eftige konstruksjes. Utgean fan eigen krêft en in goed program!